Nicator twifelet oan fúzje

It is net wis oft fuotbalferiening Nicator meidwaan sil oan de fúzje fan fuotbalklups yn Ljouwert. Lykas bekend moatte trije klups fan it kommend seizoen ôf mei-inoar fierder. It giet om VV Leeuwarden, Rood-Geel en Nicator. Under de leden fan Nicator is twifel ûntstien oer de fúzje, om't der sûnt koart wer mear leden by komme. In protte nije leden kieze krekt foar in relatyf lytse klup.
De nije fuotbalferiening komt op de sportfjilden fan it Kealledykje en sil sa'n achthûndert leden telle, as alle trije klups meidogge.