55 plysjesaken anonym oplost

Meiwurker Meld Misdaad Anoniem
Yn Fryslân binne yn 2012 yn totaal 55 plysjesaken oplost mei help fan Meld Misdaad Anoniem. Mei-inoar krige de Fryske plysje 363 meldings. Yn 2011 wiene dat in lyts twintich minder. De plysje wurdt foaral tipt oer himpkwekerijen, drugs, ûnferantwurde rydgedrach en yllegaal fjoerwurk. Fan de tips wie 99 prosint yn Fryslân brûkber. Dêrfan is by 83 prosint fierder ûndersyk dien.
Mei-inoar binne nei oanlieding fan Meld Misdaad Anoniem yn Fryslân foarich jier achttjin minsken oanholden.