Ynsammelaksje grut sukses

06 feb 2013 - 22:27

It rint stoarm by de ynsammelaksje fan de Ljouwerter fotograaf Elske Riemersma. Sûnt moandei sammelet se klean, tekkens en knuffels yn foar Syrië. Nei in lytse berjocht yn de krante hie se rekkene op in pear doaskes mei guod, mar yntusken steane der tsientallen pûden klear om fuortbrocht te wurden. It guod komt út de hiele provinsje.

Tongersdei en freed kinne ek noch klean brocht wurde. Moandei wurdt it dan fuortbrocht, fia Turkije, nei Syrië. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)