LTO Noord tsjin op ûnteigenjen

© Omrop Fryslân
De provinsje moat net de mooglikheid krije om grûn fan boeren te ûnteigenjen, om der natuer fan te meitsjen. Dat fynt it bestjoer fan lânbou-organisaasje LTO Noord. De boeren binne benaud dat sy dan minder jild krije, omdat natuergrûn minder wurdich is as lânbougrûn.
It ûnteigeningsplan stiet yn de nije nota grûnbelied fan de provinsje. Neffens LTO Noord wie it just in hiele goeie ôfspraak dat boeren grûn foar nije natuergebieten allinnich op grûn fan frijwilligheid hoegden te ferkeapjen.
LTO Noord seit dat de provinsje dizze ôfspraak no iensidich opsizze wol.