'Sluting disko is ferlechje '

06 feb 2013 - 20:39

De ferplichte tydlike sluting fan diskoteek De Ponderosa yn Dokkum, is in ferlechje fan de gemeente om de diskoteek hielendal fuort te krijen. Dat is de reaksje fan eigener Machiel Kamerling fan De Ponderosa. De gemeente seit dat der sûnt de weriepening fan juny ferline jier in soad leven, fjochtpartijen en fernielings west ha by de diskoteek.

Kamerling seit dat der altyd wol wat gedoch by in diskoteek is. Hy ûntkent dat ek yn de diskoteek fjochtpartijen west ha de lêste tiid, wylst de gemeente seit dat dat wol sa is.

Kamerling seit dat Dongeradiel de sluting brûkt om him dwers te sitten en de disko hielendal fuort te krijen. De Ponderosa mei fan de gemeente pas wer iepen op 11 maart. Yntusken moat Kamerling wurkje oan in feilichheidsplan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)