SP'ers net achter telegram

06 feb 2013 - 17:02

Trije leden fan de SP-fraksje yn provinsjale steaten, hawwe woansdei wegere om in telegram oan keninginne Beatrix te ûndertekenjen. Kommissaris fan de keninginne John Jorritsma stelde woansdei yn de steaten foar om de keninginne in telegram te stjoeren, nei oanlieding fan de troanwiksel yn april. De trije leden fan de SP wiene it dêr net mei iens en rûnen de seal út. Fraksjefoarsitter Jos van der Horst seit dat hy as republikein sa'n telegram net ûndertekenje kin.

It gong neffens him om in spontane aksje, it wie net bepraat mei it lanlike partijburo. Neffens Van der Horst libbet dit gefoel wol by in soad SP'ers.

Trefwurden: 
Beatrix SP telegram
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)