Punt foar Cambuur yn Tilburch

18 des 2011 - 17:39

Cambuur spile snein yn Tilburch mei 0-0 gelyk tsjin Willem ll. It earste kertier wie foar de Tilbugers. Dêrnei wienen de ploegen lykweardich. Yn 'e twadde helte wie Cambuur de boppelizzende party. Nettsjinsteande ferskate kânsen kamen de Ljouwerters net oan skoaren ta.

Cambuur einiget de earste kompetysjehelte op in tredde plak mei 30 punten út 17 wedstriden. Op 13 jannewaris spilet Cambuur de earste wedstryd nei de winterstop tsjin Fortuna Sittard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)