Gjin boustop Raadhúsplein

06 feb 2013 - 15:20

In fersyk om op te hâlden mei de bouwurksumheden op it Raadhúsplein yn Drachten is troch B en W fan Smellingerlân ôfwiisd. De Feriening fan Eigners hie in fersyk foar in boustop oanfrege. Neffens B en W is it wol sa dat der net alhiel neffens de boufergunning wurke wurdt, mar dat betsjut net dat it wurk hielendal stillein wurde moat. Der moat al in oanpaste fergunning oanfrege wurde, sa seit in wurdfierder fan it kolleezje fan Smellingerlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)