Dyk by Raerd noch ticht

06 feb 2013 - 15:17
  • Gaslek Raerd

De Hegedyk by Raerd yn Boarnsterhim is noch seker oant moarnier ôfsletten foar it ferkear. By de dyk lâns ûntstie woansdeitemoarn in lek yn in transportlieding. Der spuite mei hege druk in floeistof mei gas út. Dat is yn de sleat en op it lân njonken de dyk telâne kaam. De sleat by de Hegedyk lâns is ôfdamme troch in leanbedriuw. Fierder ûndersiket in technysk bedriuw wat de miljeugefolgen binne fan it lek. Enerzjyprodusint Vermillion kin noch neat sizze oer de oarsaak fan de ierdgaslekkaazje en oer de krekte gearstalling fan de floeistof.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)