Brân:kostber skilderij ferlern

06 feb 2013 - 12:56

By de tsjerkebrân op It Amelân is tiisdei ek in skilderij ferlern gien, dat mooglik makke is troch de 17de ieuske meester Hendrick ter Brugghen (1568-1629). Keunsthistoarisy wiene fan doel om de kommende tiid te ûndersykjen oft it skilderij fan de krusiging fan Jezus ek echt in Ter Brugghen wie.

Dy kâns wie der seker, want it Amelanner skilderij liket sterk op in offisjele Ter Brugghen dy't yn it Metropolitan Museum fan New York hinget. Op It Amelân waard it skilderij taskreaun oan de Fryske skilder Gerardus Wigmana (1773-1741).

Keunsthistoarikus Marten Jan Bok fan de Universiteit fan Amsterdam nimt it himsels no kwea ôf dat hy net earder nei It Amelân gien is om it skilderij yn de katolike tsjerke te ûndersykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)