6 jier foar deariden fytser

06 feb 2013 - 11:49

Der is opnij 6 jier sel easke tsjin de fertochte dy't twa jier lyn yn Ljouwert in fytser dearied. Ek de eask dat de man 5 jier syn rydbewiis kwyt wie, is stean bleaun. Dat is woansdei útsprutsen yn de heger beropssaak foar it gerjochtshôf yn Ljouwert
De advokaat-generaal fynt dat der genôch bewiis is foar roekeleas gedrach, deaslach en besykjen ta deaslach.

It slachtoffer, de 56-jierrige Eeuwke Reidsma waard yn maart 2011 mei syn dochter op 'e fyts oanriden troch in autobestjoerder mei drank op, dy't fierstente hurd ried.

Reidsma ferstoar, syn dochter rekke swier ferwûne. De fertochte waard feroardiele ta fiif jier sel en fiif jier rydûntsizzing. It iepenbier ministearje gie yn heger berop. Dat fûn de straf te leech, omdat it net giet om in ûngelok mar om deaslach. De fertochte is ek yn berop gien, omdat hy de straf te swier fynt. Neffens syn advokaat is der gjin bewiis dat de fertochte sa hurd ried. By de heger beropssaak woansdei is in protte famylje en freonen fan slachtoffer oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)