Rydbewiis drugsbrûker ynnommen

© ANP XTRA
De plysje hat tiisdeitejûn yn Boalsert it rydbewiis fan in 21-jierrige ynwenner fan Waaksens ynnommen. Plysjes seagen de man yn syn auto op it Bolwurkplein riden en besleaten de bestjoerder te kontrolearjen. Doe't dy it rút iependie, rûkten de plysjes in sterke weedlucht. De pupillen fan syn eagen wiene fergrutte en yn syn auto fûnen de plysjes in joint. De man waard oanholden en op it plysjeburo waard in bloedproef ôfnommen. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en tsjin him waard proses-ferbaal opmakke.