Gaslek by Raerd wer ticht

06 feb 2013 - 09:57

It gaslek by Raerd yn Boarnsterhim is wer ticht. Woansdeitemoarn om tweintich oer sânen ûntstie it lek, flakby in gasstasjon oan de Hegedyk. Yn de lieding siet gas en gas-kondins, wetter dat frijkomt by de gaswinning. It spuite wol 10, 15 meter omheech. Gasprodusint Vermillion hat de druk fan de lieding ôfhelle. De brânwacht wie oanwêzich mar hoegde net yn aksje te kommen. De Hegedyk hat in pear oeren ôfsletten west.

In famke dat lâns fytste op it stuit dat it lek ûntstie en dat de stof oer har hinne krige, is foar de wissichheid nei de húsdokter gien.

Trefwurden: 
gaslek Raerd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)