Jûn oer dykferheging It Amelân

06 feb 2013 - 09:18

Goed tachtich man kamen tiisdeitejûn ôf op de ynformaasjegearkomste oer dykferheging op It Amelân. It wetterskip wol takom jier úteinsette mei it ferheegjen en sterker meitsjen fan de wetterkearingen op it eilân. In pear jier lyn die by in feilichheidstoetsing bliken dat dy net mear oan de takomstige noarmen foar feilichhheid foldogge. Tiisdeitejûn koene bewenners fan it eilân fragen stelle oer it grutte projekt, dat mei-inoar 65 miljoen euro kostet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)