Nije drumline foar Dokkum

05 feb 2013 - 23:59

It North Frisian Percussion Corps yn Dokkum hat moandei hagelnije ynstruminten krigen. It giet om in nije drumline dy't mei-inoar goed 9000 euro kostet. De âlde ynstruminten fan it korps binne al jierren yn gebrûk en dêrtroch al aardich fersliten.

Op it stuit is it korps út Dokkum wrâldkampioen en dat wol it graach bliuwe. Ein dit jier docht it korps mei oan it Wereld Muziek Concours yn Kerkrade, dat ien kear yn de fjouwer jier plakfynt. Mei de nije ynstruminten hopet it korps der aanst hielendal klear foar te wêzen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)