Soarch oer beammekap

05 feb 2013 - 21:46

Ynwenners fan de Ljouwerter wyk Camminghabuorren meitsje har soargen oer de kap fan in groep beammen en struken. It giet om grien dat oan it spoar plante is oer in lingte fan ûngefear 500 meter.

De omwenners krigen ôfrûne wykein in brief mei dêryn de meidieling dat der kapt wurde soe. Se binne ferbjustere en lulk. Earder al wie der in oankundiging fan kap, mar dat wie lang net dúdlik. Neffens de omwenners is der net goed kommunisearre oer de krekte plannen. Se freegje de gemeente no om opheldering.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)