20 miljoen foar toerisme SWF

05 feb 2013 - 20:37

It toerisme yn Súdwest-Fryslân moat fernije, oars mist it de boat. Dat seit de gemeente. Dy wol de kommende tsien jier sels 20 miljoen yn dat toerisme stekke, mar ferwachtet ek inisjativen fan de ûndernimmers sels.

It doel is benammen jongeren oan te lûken, dy bringe no noch te min in besite oan Súdwest-Fryslân. Alle jierren giet der sa'n 40 miljoen om yn it toerisme yn Nederlân, mar ien miljoen dêrfan giet nei Fryslân. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)