Breuk E'werfs Belang definityf

05 feb 2013 - 16:11

It wie net mear te kearen dat de twa riedsleden Yp van der Veen en Fred Rademaker fan Eaststellingwerfs Belang út de partij set binne. Dat sei foarsitter Ruurd Slager fan de partij tiisdei op in parsekonferinsje yn Elslo.

De twa manlju giene al in skoft har eigen gong en hiene gjin oerlis mear mei de oare fiif fraksjeleden. Se namen oare stânpunten yn en stimden ôfwikend. Der wie sadwaande in ûnwurkbere situaasje ûntstien. De breuk is definityf. De beide riedsleden hawwe besletten harren sit te hâlden en as in nije fraksje troch te gean.

De koälysjepartijen hâlde noch in krappe mearderheid yn de ried. Se hawwe no noch 11 fan de 21 sitten. Neffens fraksjefoarsitter Henk Dongstra komt de politike stabiliteit net yn gefaar. Hy hat dat ek wite litten oan de koälysjepartners CDA en VVD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)