Lokomotyf by stasjon Marrum

Stasjon Marrum
It stasjonsgebou yn Marrum krijt mooglik yn de takomst wer in bytsje it gesicht fan eartiids. De gemeente Ferwerderadiel hat in fergunning ôfjûn foar it pleatsen fan in lokomotyf by it gebou. It âlde stasjon is al jierrenlang ûnderwerp fan gesprek. Mar de plannen foar it opknappen fan it gebou kamen troch it ûnbrekken fan subsydzje hieltyd mar net fan de grûn. Ofrûne moanne kaam der lykwols wer skot yn de saak. De gemeente hopet dat de plannen fan de partikuliere eigener fan it gebou no lang om let dochs realisearre wurde kinne.