Biskop De Korte: brân is ramp

Biskop Gerard de Korte fan it bisdom Grins/Ljouwert neamt it ôfbaarnen fan de Sint Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân in dramatysk barren. De monumintale tsjerke út 1878 baarnde tiisdei folslein ôf. De skea wurdt rûsd op 3 miljoen euro. Ofrûne snein wie De Korte noch by in spesjale fiering yn de tsjerke, wêrby't pastoar Paul Verheijen presintearre waard. It bisdom Grins/Ljouwert giet derfan út dat de tsjerke wer opboud wurdt. Biskop Gerard de Korte sil ein dizze wike nei It Amelân om de parochianen te stypjen.
Oare tsjerklike mienskippen hawwe har tsjerkegebouwen oanbean om dêr katolike tsjerketsjinsten te hâlden. De gemeente siket ek mei nei in oplossing om de katolike tsjerkemienskip ûnderdak te bieden.