Meielkoar stride foar finzenis

05 feb 2013 - 11:49

De finzenissen yn it Noarden moatte mienskiplik foar elkoars belangen opkomme yn Den Haach. De ynset moat wêze om se allegear iepen te hâlden. Dat seit foarsitter Johan Perridon fan de ûndernimmingsried fan De Marwei yn Ljouwert. In lobby ûnder Twadde Keamerleden moat soargje dat de finzenissen iepen bliuwe. Yn novimber foarich jier lekte in listje út fan lokaasjes dy't ticht moatte fanwege besunigings. De finzenissen fan Feanhuzen, Hoogeveen en Ter Apel stiene dêrop, De Marwei net. Yn totaal moatte 11 fan de 29 finzenissen yn Nederlân ticht.

Hoewol't it ministearje fan Justysje ûntkent dat der al in beslút fallen is, soarge de berjochtjouwing foar in soad reuring. Woansdei komme de ûndernimmingsrieden fan de fjouwer noardlike finzenisen wer by elkoar om aksjes te berpaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)