Drift moat iepen foar ferkear

© Omrop Fryslân
De Drift yn Drachten moat sa gau mooglik wer iepensteld wurde foar it ferkear. De fraksjes fan Smallingerlands Belang en Gemeentebelangen Smallingerland tsjinje dêr tiisdeitejûn yn de gemeenteriedsgearkomste in moasje oer yn. De Drift is ôfsletten fanwege wurksumheden oan it Raadhuisplein. Dy duorje noch oant 2015. Troch de ôfsluting stiet it ferkear op twa wichtige krúspunten no faak fêst, sizze de partijen. Dat soarget foar gefaarlike situaasjes foar fytsende skoalbern.
Boppedat komt in flotte berikberheid fan it sikehûs yn Drachten yn gefaar troch de opstoppings. Smallingerlands Belang en Gemeentebelangen Smallingerland fine ek dat de beide krúspunten op termyn oanpast wurde moatte foar in bettere trochstreaming fan it ferkear.