Nekskot foar ferwyldere kat

04 feb 2013 - 22:30

Ferwyldere katten op Skiermûntseach moatte opromme wurde. Se feroarsaakje oerlêst en skea yn de natoergebieten. Dat fine ûnder oare fertsjintwurdigers fan de fûgelwacht, Natuermonuminten, jagers en boeren. Der is in plan makke om de bisten te fangen en dea te sjitten.

Op it eilân rinne nei alle gedachten sechstich ferwyldere katten om dy't mei spesjale kattefallen fongen wurde moatte. Húskatten wurde yn it doarp wer loslitten. De wylde katten krije in skot yn 'e nekke. It plan moat noch mei de bewenners fan it eilân besprutsen wurde.

Trefwurden: 
oerlêst nekskot wylde katten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)