Minsken yn bystân oan it wurk

04 feb 2013 - 21:24

Trettjin gemeenten yn Noard- en Súdwest-Fryslân sille gearwurkje mei sosjale wurkfoarsjenning Empatec om minsken yn 'e bystân oan wurk te helpen. As de wurksykjenden wurk wegerje, kinne se harren útkearing ferlieze.

Se kinne oan it wurk set wurde by Smeding griente en fruit, by supermerk Poiesz of by de waskerij Floron yn Boalsert. Woansdei wurdt offisjeel úteinset mei it projekt.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)