Soad ideeën bettere soarch

Kantoar fan De Friesland yn Ljouwert
Der binne yn totaal 121 ideeën binnen kommen by soarchfersekerder De Friesland foar it ferbetterjen fan de soarch of kwaliteit fan libjen. De soarchfersekerder hat Dêr tsien ideeën út selektearre, dêr't minsken oant 28 febrewaris op stimme kinne.
De fiif plannen mei de measte stimmen wurde dan útfierd. It giet bygelyks om de oanskaf fan I-pads foar it dialyzesintrum of de oanskaf fan in twapersoansbêd dat omheech en omleech giet foar in hospes yn Ljouwert.
Miskien wurde guon oare ideeën ek útfierd, om't se hast gjin jild kostje, of se wurde betelle út in oar fûns binnen De Friesland.