Miedema nimt Tophout oer

04 feb 2013 - 16:40

It Ljouwerter houtbedriuw Miedema siket ferbreding op de merk. Dêrom hat Miedema Bouwmaterialen Tophout Friesland BV oernaam. Dit bedriuw hat ûnder oare in festiging yn Harns. It Ljouwerter bedriuw hat in ûnrêstige perioade achter de rêch. Nei it fallisemint fan ôfrûne hjerst en de trochstart fan it bedriuw wurkje der no sa'n 30 minsken.

De yntegraasje fan Miedema Bouwmaterialen en Tophout Friesland is in belangrike nije ympuls foar it bedriuw. Miedema krijt hjirtroch mear ôfsetmooglikheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)