Nij gebou Kijlstra ambulânse

04 feb 2013 - 15:47

Nei mear as 80 jier is ambulânse-ferfierder Kijlstra fan Drachten ferhuze. It famyljebedriuw groeide de lêste jierren sa hurd dat it besteande haadkantoar fierstente lyts waard. Tenei ride de ambulânses fanút in modern gebou oan de râne fan A7 en Wâldwei.

Kijlstra is in grutte spiler op it mêd fan ambulânse- en persoaneferfier. Se fersoargje mear as twatredde part fan 'e ambulânses yn Fryslân. Der wurkje mear as 300 minsken, ferdield oer tsien lokaasjes. Kijlstra sit no njonken de Meldkeamer Noord-Nederland fan de plysje.

De kommende wiken moatte in eigen tankstasjon en waskstrjitte noch ôfboud wurde. Op 12 april sil kommissaris fan de keninginne Jorritsma offisjeel de nijbou fan Kijlstra iepenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)