Trekker tsjin beam yn Bontebok
In bestjoerder fan in trekker is sneintemiddei op de Kompanjonswei yn Bontebok ferwûne rekke. De trekker rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en botste tsjin in beam.
Omdat it slim like is ek de trauma-helikopter ynskeakele. It is op dit stuit ûndúdlik hoe't de bestjoerder der krekt oan ta is.