Nij popfestival by Ljouwert

04 feb 2013 - 12:10

Yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer by Ljouwert wurdt fan 26 oant en mei 28 july in nij popfestival holden. It giet om in inisjatyf fan poppoadium Asteriks. Dat rekkenet foar de earste edysje fan Welcome to the Village op 1500 besikers.

De bands dy't meidogge komme út Nederlân en út it bûtenlân. It wurdt in bûtenfestival oer trije dagen mei trije poadia en in kemping. De Ljouwerter popseal Asteriks kin in fierdere groei fan de konserten dy't dêr holden wurde, net oan.

Yn it ferline is yn it Griene Stjer-gebiet wolris faker in grut festival hâlden. Dat festival hie de namme Frozenland. Der hawwe twa edysjes west, yn 1992 en yn 1998.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)