Drachtsterplein is iepene

04 feb 2013 - 11:54

Mei in fartochtje yn in sloep is moandei it Drachtsterplein yn Ljouwert offisjeel iepene. Wethâlder Thea Koster, deputearre Sietske Poepjes en direkteur fan Rykswettersteat Louis Schouwstra foeren oer de nije rûte. Der is in punt set achter 1,5 jier wurk oan it plein. De fytstunnels binne klear, it ferkearsplein hat syn definitive ynrjochting en der is no ek in farferbining.

Yn de folgende faze komt der noch in akwadukt, dat oanslút op it plein. Dat sil begjin takom jier oanlein wurde en moat ein 2015/begjin 2016 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)