Oername NDC bytsje letter

04 feb 2013 - 11:49

De ôfrûning fan 'e oername fan NDC mediagroep, de eigener fan de Ljouwerter krante, is mei in pear dagen útsteld oant woansdei. Dat seit Jorrit Volkers fan de ynvestearringgroep FB Oranjewoud. Twa wike lyn waard bekend dat NDC media oernommen wurdt troch in konsortium mei FB Oranjewoud (foarhinne Fryslân Boppe) 51%, oandielhâlder Je Maintiendrai 16% en de ING Bank 33%. As eindatum waard doe 3 febrewaris opjûn.

Dy datum wurdt no mei in pear dagen nei achteren skood. Woansdei is alles rûn en kinne de hantekens set wurde.

De ynfolling fan de ferwachte reorganisaasje is neffens Volkers noch net oan de oarder. Dat komt pas letter. Ein fan dizze wike wurdt wol mear bekend oer de ynfolling fan it bestjoer fan it nije bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)