Manlju oppakt foar bedriging

04 feb 2013 - 11:01

Trije minsken binne ôfrûne nacht yn Bovensmilde oanholden foar bedriging. It giet om twa manlju fan 26 en 32 jier út Easterwâlde en in frou (18) út Dedemsvaart. De plysje hie in melding krigen dat de trije ûnderweis wiene nei in bekende yn Smilde om him wat oan te dwaan. Se soene mooglik ek in fjoerwapen by har ha.

Plysjes seagen de trije yn in auto op in parkearplak yn Smilde. Se binne oanholden en foar fierder ûndersyk fêstset. Der is gjin fjoerwapen fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)