Fleurtje Belle Fleur ticht

04 feb 2013 - 10:52
  • Fleurtje Belle Fleur: gjin bern

Bernedeiferbliuw Fleurtje Belle Fleur op It Hearrenfean giet net wer iepen. Eigneresse Myra van Dijk riedt in rjochtsaak ta om de gemeente oanspraaklik te stellen foar de ynkomsten dy't se misrint as gefolch fan de sluting fan har bedriuw. De gemeente Hearrenfean sleat har bernedeiferbliuw op 4 jannewaris, omdat Van Dijk te rûch mei de bern wêze soe.

Yn in koart pleit dat Van Dijk oanspande waard dy sluting werroppen, omdat net de gemeente mar de GGD dy stap sette moatten hie. Nei dat koart pleit hie Fleurtje Belle Flear gjin bern mear oer.

It deiferbliuw hat noch wol in wike iepen west, mar omdat alle bern doe al troch de âlden by oare ynstellingen ûnderbrocht wiene, hie it net folle doel om langer iepen te bliuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)