Yvonne Nauta wint Gruno bokaal

Yvonne Nauta © awfoto.nl
Yvonne Nauta is yn Grins winner wurden fan de Gruno bokaal. Sneon waard de Liga-reedrydster fan Twellingea fiifde op de 500 en tredde op de 3000 meter. Snein waard se fjirde op de 1500 meter en wûn se de 5000 meter. Jorien voorhuis waard twadde, Imke Vormeer tredde. Lotte van Beek pakte it lêste startbewiis foar it WK allround yn Hamar. Dat gong oer it klassemint fan de 1500 en 3000 meter. Marrit Leenstra kaam snein net mear yn aksje. By de manlju meie Koen Verweij en Renz Rotteveel mei Sven Kramer en Jan Blokhuijsen nei it WK.
Sjoerd de Vries wie de bêste yn Den Haach by de fjirde wedstriid om de Hollân Cup. De reedrider fan Twellingea wûn beide ôfstannen. De 500 lei er ôf yn 36.60, de 1000 meter yn 1.12.27. Mayon Kuipers wûn de 500 meter by de froulju yn 40.08.