Lieuwe Westra 8e yn Bessèges

03 feb 2013 - 20:18

Lieuwe Westra is yn de ôfslutende tiidrit fan de Stjer fan Bessèges tredde wurden yn de tiidrit. Nei 9,7 kilometer wie er 23 sekonden stadiger as de Frânsman Anthony Roux en lei er 20 tellen achter op Jeremy Roy. Yn it einklassemint waard de hurdfytser fan De Tynje achtste. Op winner Jonathan Hivert lei Westra 31 sekonden achter. Hie Lieuwe Westra yn de finale fan de tredde etappe op freed gjin maleur mei syn fyts hân, dan hie er op it poadium stien.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)