Grut ûndersyk nei hertkleppen

18 des 2011 - 14:13

It MCL yn Ljouwert docht mei oan in wrâldwiid ûndersyk nei hertkleppen. Undersocht wurdt oft pasjinten dy't in heger risiko rinne by in operaasje in nije hertklep krije kinne troch in yngreep mei in knoopsgatoperaasje. Dat betsjut dat se troch in ier yn de ljisk in nije hertklep pleatse. Dat is no standert by minsken dy't gjin grut gefaar rinne by sa'n yngreep. No wurdt dy groep pasjinten mei heger risiko opereard troch de boarstkas. Foar de pasjint is dat folle swierder en it werstel duorret langer.

It ûndersyk wurdt ek yn oare sikenhuzen útfierd en rint in tal jierren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)