Brân yn studintehûs By de Put

03 feb 2013 - 17:54
  • De brân ûntstie yn it studintehûs boppe it kafee

Yn it studintehûs boppe kafee The Rooster yn Ljouwert ûntstie sneintemiddei grutte skea troch in útslaande brân. Neffens de plysje soe de brân ûntstien wêze troch in gleone frituerpanne.

Buertbewenners sloegen alaarm en warskôgen de brânwacht. De brânwacht kaam mei ferskate auto's en in heechwurker nei it studintehûs. By de Put en ek in sydstrjitte waarden ôfsletten fanwege de reekûntwikkeling. Om trije oere hinne wie de brân ûnder kontrôle en koe it neiblussen begjinne. Ek yn kafee The Rooster wie in soad reek- en wetterskea.

Der rekke net ien by de brân ferwûne. De oanwêzige studinten koene der op 'e tiid útkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)