Auto-ûngelok yn hagelbui

© Omrop Fryslân
In hagelbui hat sneintemoarn foar in iensidich ûngelok soarge op de A7 by Lúkswâld. In 53-jierrige Grinzer rekke dêrby ferwûne. Hy rekke de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin de fangrail. De Grinzer is mei nekklachten oerbrocht nei it sikehûs.
Op de oare side fan de dyk rekke in oare automobilist ek de macht oer it stjoer kwyt. Hy kaam mei de skrik frij. De bestjoerder koe nettsjinsteande skea oan de auto dochs fierder ride.