SWS ferliest degradaasjeduel

03 feb 2013 - 16:08
  • Erolind Derguti fan SWS

Snits Wyt Swart Boso snits hat snein mei 1-0 ferlern fan nûmer foarlêst Chabab. Yn Snits krige de thúsploech goede kânsen yn de earste helte, mar it ûntbruts de hikkesluter oan skerpte en gelok.

Nettsjinsteande de mooglikheden foar de thúsploech, wienen it de gasten út Amsterdam dy't de skoare iepenen nei rêst. It waard noch soerder foar de Snitsers doe't Michael Grendel yn koarte tiid twa kear giel krige en it fjild ferlitte moast. Dêrmei wie de wedstriid definityf spile.

Troch it ferlies stiet Snits Wyt Swart noch altyd stiif ûnderoan yn de sneinstopklasse. De ploech fan Johan Groote sjocht de efterstân op de nûmer 15 Chabab oprinnen oant 7 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)