Tsjûgen oanriding Wurdum socht

It ûngelok fan sneontejûn by Wurdum © Anton Kappers
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in oanriding op de A32, sneontejûn by Wurdum. In autorydster (35) fan De Jouwer rûn by dat ûngelok ferskate kniezings op en waard dêrom oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert.
De frou ried oer de A32 rjochting It Hearrenfean. Sy waard op it krúspunt mei de Oenemadyck rekke troch in autorider (31) út Ljouwert. Omdat beide bestjoerders sizze dat se troch grien rieden wol de plysje graach prate mei tsjûgen fan it ûngelok. Sy kinne mei de plysje belje op 0900-8844.