Snitsers oppakt nei klappen

03 feb 2013 - 14:42

Twa Snitsers fan 24 en 17 jier binne sneontenacht op de Dimpte Pol yn de boeien slein, omdat se sûnder oanlieding in jonge (18) slein hiene. In foarbygonger dy't op de Kruzebroederstrjitte tuskenbeide springe woe krige ek klappen.

De twa Snitsers naaiden út doe't se yn de fierte in plysjeman seagen. By de oanhâlding fûn de 24-jierrige Snitser it nedich om in plysjeman te bedriigjen. Deselde man wie mooglik earder ek belutsen by mishanneling yn de Lytse Tsjerkstrjitte. Ek dêr waard in man sûnder oanlieding slein.

De plysje is op syk nei tsjûgen fan dizze lêste mishanneling. De plysje wol benammen graach yn kontakt komme mei in famke dat noch mei it slachtoffer fan de mishanneling op de Lytse Tsjerkstrjitte praat hat. Tsjûgen kinne kontakt opnimme mei de plysje fia tillefoannûmer 0900-8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)