Fjochterij yn diskoteek Dokkum

03 feb 2013 - 14:31

De plysje hat sneontenacht in man (20) út de gemeente Dongeradiel oanhâlden fanwege mishanneling. De man wurdt der fan fertocht dat er in tal oare manlju mishannele hat yn in diskoteek oan de Oranjewâl yn Dokkum.

De man is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Hy is ynsletten yn ôfwachting fan it ûndersyk nei de fjochtpartij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)