Mem en soan ferwûne by botsing

De botsing op de Harnzer Súdwâlwei © Nick den Boer
In frou (46) út Frjentsjer en har soan (11) binne sneon ferwûne rekke by in botsing op de Súdwâlwei yn Harns. In autorider (41) út Seisbierrum seach de frou út Frjentsjer oer de holle, doe't hy linksôf slaan woe op de krusing mei de N393. In botsing wie it gefolch.
De frou en har soan rekken by de botsing ferwûne. Sy binne oerbrocht nei it sikehûs.