Man masturbearret op 'e dyk

03 feb 2013 - 13:44

De plysje hat sneontenacht yn Bilgaard yn Ljouwert in Grinzer (23) oanhâlden foar it skeinen fan de goede seden. De man stie himsels yn it iepenbier ôf te lûken, mei de broek op 'e knibbels. Tsjûgen seagen de man oan De Kei yn aksje en warskôgen de plysje.

De man waard oanhâlden. Hy sei tsjin de plysje dat er ûnder ynfloed fan drugs wie. De Grinzer krige proses-ferbaal en waard oanslutend wer nei hûs stjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)