Plysje hâldt drankrider oan

03 feb 2013 - 12:14

Op de Blankendalwei by Skearnegoutum is sneontejûn in dronken autobestjoerder oan de kant set troch de plysje. It gong om in man fan 46 jier út Lúkswâld. In tsjûge hie sjoen dat de auto slingerjend oer de dyk gie en warskôge de plysje. Dy sette de man út Lúkswâld oan de kant.

By de blaasproef die bliken dat hy yndied fierstente folle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen en de plysje hat proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)