Steuring treft streams Omrop

03 feb 2013 - 10:48

In grutte netwurksteuring by KPN soarget foar problemen mei de ynternetstreams fan Omrop Fryslân. Harkers dy't sneintemoarn besykje om op omropfryslan.nl te harkjen nei de radio, krije in foutmelding. Dat jildt ek foar it Koperkanaal en Omropnonstop.

It weromhearren fan programma's, mei de knop 'Radio mist' wurket noch wol gewoan. Ek it sjen fan de televyzjeprogramma's op omropfryslan.nl kin wol. Hoelang 't de steuring krekt duorje sil is net bekend. By KPN wurdt drok wurke oan in oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)