Hospes en Kuipers kampioen

Jesper Hospes © awfoto.nl
Jesper Hospes en Mayon Kuipers ha sneontejûn yn Den Haach de Nederlânske titels pakt op de 'pure' sprint. Beide Fryske riders wûnen alle trije ôfstannen: de 100, 300 en 500 meter. Hospes, trijefâldich Nederlânsk kampioen op de koartebaan, wie in klasse apart mei baanrekôrs op alle ôfstannen, 9.71 op de 100, 23.23 op de 300 en 36.15 op de 500 meter. Jacques de koning waard twadde, Allard Neijmeijer tredde. Kuipers ried in baanrekôr op de 500 meter yn 39.41. Leslie Koen waard twadde yn de einstân, Floor van den Brandt tredde.
By de junioaren A gong de titel nei Bente van den Berge fan Ljouwert.