Goed wykein UNIS Flyers

UNIS Flyers hat in poerbêst wykein mei twa oerwinningen. Nei de ferrassende winst freedtejûn by koprinner Den Haach, waard sneontejûn op it eigen iis Amsterdam mei 9-2 ferslein.
Sander Dijkstra (2) en Andrew Krelove soargen tsjin de nûmer lêst foar de 3-0 yn de earste perioade. Gerald Pollastrone (2) en Jeffrey Martens tilden yn de twadde perioade de stân nei 6-0. Dêrnei foel de earste skoare fan Amsterdam. Nei wer trije Flyer-goals (Pollastrone, Brent Janssen en Tony Demelinne) wie it slotakkoart foar Amsterdam.