Maltha nimt ôfskie mei winst

02 feb 2013 - 21:43

Martha Maltha hat mei in drege 3-2 oerwinning ôfskie naam fan it topfollybal. Mei har Snitser ploech wie it in toer om de nûmer fiif, Alterno út Apeldoorn, te ferslaan. De earste set gong nei de gasten mei 25-14. Snits wûn de twadde mei 25-20, Alterno de tredde mei 25-22. Snits, de nûmer trije fan de earedivyzje, joech gjin belies en makke dien wurk mei 25-17 en 15-12.

Foar de 28-jierrige Martha Maltha kaam der in ein oan tsien jier topfollybal. Se sil har no rjochtsje op in spesjalistyske oplieding yn de genêskunde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)