Oldehove wint Fryske twastriid

02 feb 2013 - 18:07

De Fryske twastriid tusken Damkombinaasje Fryslân en De Oldehove yn de eareklasse fan de nasjonale damkompetysje is sneon ferrassend wûn troch de dammers fan De Oldehove. Yn Wânswert einige de striid mei 12-8 yn it foardiel fan de Ljouwerter dammers. Dat betsjut dat De Oldehove neikompetysje spylje sil om liifsbehâld. Damkombinaasje Fryslân moat it noch opnimme tsjin listoanfierder Volendam. By ferlies is degradaasje ûnûntkomber.

Foar it earst yn de histoarje spilen de twa Fryske damferienings op it alderheechste nivo tsjinmekoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)